|
|
Drie eeuwen Burdaard
Auke Kingma
uit De Bręge, oktober 2007
door Pieter van der Bij
Mooglik dat der noch net in Burdaarder minder om sliept hat mar meikoarten stiet der dochs in foar it doarp bjusterbaarlik barren foar de doar.
Want op it stuit dat jimme dit stikje lęze, lizze de drukproeven fan it boek “Drie eeuwen Burdaard” sa’n bytsje by de printer.
Ik woe dęrom dit kear op ‘e tekst oer de man dy’t sa’n fyftjin jier oan dat boek wurke hat, âld-Burdaarder Auke Kingma, en oer wat men sawat yn dat boek oantreffe kin.
Earst efkes yn rűge halen antwurd jaan op ‘e fraach dy’t Friezen yn ‘e regel stelle ast it oer immen hast: “Fan wa is it ien”?
Yn Burdaard tilt it nammentlik op fan de Kingma’s węrfan de measten ek noch famylje fan inoar binne.
Grutte kans dat hja neiteam binne fan in Gosse Jans (berne 1769) dy’t yn 1811 op oanstean fan Napoleon de famyljenamme “Kingma” foar kar naam.
De namme Kingma fűn syn oarsprong fan Kinghum state űnder Sweins, mar de Burdaarder tűke stamt dęr net streekrjocht fan ôf.
Dizze Gosse Jans Kingma wie keapman en sloech in soad yn ‘e skiep om, dat dienen wol mear Burdaarders fandęr dat se noch altiten skieppekoppen neamd wurde (en net omdat de manlju graach mei permanintsje omrinne).
Hjir wer in neikommeling fan, wie Albert Alberts Kingma (1831 – 1910), dy’t yn Burdaard bekend stie as ‘Albert Drukker’.
Albert hie in blauferverij yn Burdaard: hjir waard klean ferve en patroanen waarden der om sa te sizzen op drukt, fandęr dy bynamme.
Albert Drukker wie in man fan kwizekwânsje want hy wie ek noch belęstingűntfanger en hy hat in skoftke eigner west fan it sűkerijfabryk yn Burdaard (sűkerij is in goedkeape kofjesoart).
Boppedat hie er in beurtfearttsjinst op Ljouwert en Dokkum, syn neiteam foer mei de bekende boat “Noord Fries”.
Albert en Ype Kingma wienen nei de oarloch mei de oprjochters fan de Tobo (Transport Onderneming Birdaard en Omstreken).
Skriuwer Auke Kingma is de twadde soan fan Albert Kingma en Aaltsje Hansma.
Hy is berne yn 1933 yn it hűs oan de Iewâl dęr’t de Witte Olifant hjoeddedei har terraske/parkearterreintsje hat.
Auke koe goed leare sa die bliken op ‘e MTS en de HBS yn Ljouwert.
Hy hat oant syn 21e yn it doarp wenne.
Nei syn stúdzje moast Auke űnder de wapens, neidetiid slagge er oan wurk yn Oerisel.
Dat foldie net dat doe is hy tegearre mei syn frou, hy wie yn 1957 troud mei Henderika Attema, nei Delft gien om der sivile technyk te studearjen.
As wurkstudint want de húshâlding mei trije bern moast ek toch de tiid.
Yn 1964 soe er ôfstudearje. Doe rekke er oan de slach by de Holland Betongroep.
Foar dit bedriuw siet er gauris yn it bűtenlân, it meast yn it Fiere Easten.
Op oanstean fan Kingma kaam der in ôfdieling “International Contracting” dat him talei op it bouwen fan stielkonstruksjes foar bręgen, fiadukten en opslachtanks.
Kingma hat syn hiele libben dochs al wat mei bręgen hân. Wat wol men ek as men hikke en tein is yn in doarp dęr’t in bręge net fuort te tinken is út it doarpslibben.
Sa siet er bygelyks yn de Nederlandse Bruggenstichting en foar de Bręge hat er ferskate kearen skreaun oer syn űndersyk nei de ferskate bręgen dy’t der yn Burdaard west hawwe.
Doe’t er noch fol yn it wurk stie hie Auke al in soad niget oan skiednis.
As de tiid it taliet hâlde er him al ris wat dwaande mei stambeaműndersyk.
It wie yn in tiid dat noch net in soad gegevens beskikber wienen fia de kompjűter dat fanút Waddinxveen moast er bytiden stellendewize oan syn gegevens komme.
Nei syn pensioen koe er dęr mear tiid foar frij meitsje dat tegearre mei syn efterneef Taeke Kingma fan Ljouwert makke er it boek “Noordfriezen – vier eeuwen Kingma’s van Birdaard”.
Net allinnich de famylje Kingma komt dęryn op it harspit mar ek de beurtfeart dy’t sa lang mei de famylje anneks west hat.
As Kingma wer ris op ‘e sneup wie yn ‘e argiven fan Dantumadiel, Ferwerderadiel, Tresoar en it Kadaster wie er hjir mei de caravan dan koe de sneuperij kombinearre wurde mei in besite oan de famylje of mei útstapkes yn Fryslân.
Tidens dy sneuperij krige hieltiten mear it idee stal om de bewenningsskiednis fan Burdaard út te plúzjen: wa wie eigner en bewenner fan dat en dat hűs.
Ynearsten wie er fan doel om dat allinnich foar Burdaard-súd te dwaan.
Mar de útstalling yn Pro Rege yn it ramt fan Simmer 2000 wie sa’n boppeslach dat doe de Stichting Ald Burdaard oprjochte is.
Mei help fan ű.o Jouke de Jong en de âld-húsdokter Joop Bouma soe ek it eardere Wânswert oan ‘e Streek útsocht wurde en dat moast byinoar yn in boek en in CD beskikber komme.
Stipers fan de stifting krije op tiid en oere it blęd De Furde tastjoerd mei nijsgjirrige stikken oer – hoe soe it ek oars – âld Burdaard.
Al dy gegevens dy’t boppe wetter kamen moasten fansels noch wol in bytsje kreas oardere wurde.
De oplossing dęrfoar wie tichterby as dat Kingma tocht want wenne yn Burdaard net in Jan Diebrink?
By tafal kaam er yn ‘e kunde mei dizze man dy in kompjűterprogram űntwikkele hat węrby’t alle gegevens systematysk yn in database opslein wurde kinne en tagonklik makke: Haza-21.
No nei likernôch 15 jier is it dan safier dat meikoarten al dy gegevens foar Burdaarders en âld-Burdaarders yn in boek te krijen binne: “Drie eeuwen Burdaard”, in pil fan mar leafst 612 siden.
By it skriuwen fan myn stikjes mocht ik wittefaak gebrűk meitsje fan de feiten dy’t Auke Kingma allegear beskikber hie.
As ik wer ris witte woe wa’t yn dy tiid yn dat en dat hűs wenne, wie in mailtsje nei Waddinxveen foldwaande om oan in antwurd te slagjen.
Meikoarten kin dus elkenien neisjen wa’t der yn syn of har hűs wenne hat.
Wat kin men fierder noch yn it boek oantreffe?
Earst skriuwt Kingma yn in ynlieding oer hoe’t er dit űndersyk oanpakt hat en wat men witte moat foardat mei it boek út ein set.
Dan komme de terpen oan bar, de Ie, - en dęr binne se wer - de bręgen, de diken, it ferkear, de ambachten, (fé)keaplju, slachters en boeren, de fabriken en dy typyske Burdaarder famyljes lykas de Poortinga’s, de Kingma’s en de Van der Werken.
In grut part fan it boek is ynromme foar alle huzen op strjitnamme en harren eigners/bewenners, węrby’t Kingma, om ien en oar op te fleurjen, gebrűk meitsje mocht fan de rynske fotosamling fan Wieger Jellema.
Foar Burdaarders en minsken dy’t niget hawwe oan de skiednis fan de eigen streek is dit boek in echte oanrieder.
van ingenieur tot historicus
door Egbert d’Hamecourt
Auke Kingma, de auteur van “Drie Eeuwen Burdaard”, geboren in 1933 in het ouderlijk huis dat eens stond op de plek waar nu een parkeerterreintje is bij de snackbar “de Witte Olifant”, woont al sinds zijn 21e levensjaar niet meer in het dorp.
Hij was het tweede kind uit een gezin van vier kinderen en kon goed leren.
Na de hbs en de mts in Leeuwarden ging hij in militaire dienst.
Toen zijn dienstplicht er op zat kon hij met zijn studie weg en waterbouw in Overijssel aan de slag.
Maar het werk bevredigde hem toch niet helemaal, hij had meer ambities.
Samen met zijn vrouw, inmiddels dus getrouwd, vertrok hij naar Delft om daar civiele techniek te gaan studeren.
Hij was werkstudent, want er moest inmiddels ook een gezin onderhouden worden.
In 1964 is hij afgestudeerd.
Na een baan bij een aannemer van staalconstructies in Den Haag is hij terecht gekomen bij de staalpoot van de Hollandse Betongroep.
Voor dat bedrijf heeft hij veel in het buitenland gewerkt en vooral in het Midden-Oosten.
Mede onder zijn leiding is een afdeling “International Contracting” opgericht, gespecialiseerd in het bouwen van staalconstructies voor bruggen, viaducten en opslagtanks.
De liefde voor bruggen is altijd blijven bestaan, want nu nog zit hij in het bestuur van de Nederlandse Bruggenstichting.
Ook in zijn boek wordt veel aandacht besteedt aan de diverse bruggen die in Burdaard hebben gelegen.
Hoe komt een mens er toe om 600 pagina’s te wijden aan een dorp dat in 1970 niet meer dan 600 inwoners telde?
Op dit moment zijn dat er weliswaar bijna 1200, maar toch is het een gigantische hoeveelheid informatie over een relatief heel kleine gemeenschap.
Het is begonnen in 1993 met een stamboomonderzoek naar zijn eigen familie; een leuke hobby om zijn vrije tijd, die hij had na zijn pensionering, mee te vullen.
Al snel bleek dat het niet eenvoudig was om uit de reguliere persoonsregistraties alle gegevens boven water te krijgen.
Om meer informatie te vinden kwam hij terecht in de archieven van het het Fries Historisch en Letterkundig Centrum Tresoar, het Kadaster te Leeuwarden en bij de archieven van de gemeenten Dantumadeel en Ferwerderadeel.
Pieter van der Bij, de gemeentearchivaris van Dantumadeel en de heer De Wit, de archivaris van Ferwerderadeel waren hierbij zeer behulpzaam.
Tegen de tijd dat zijn familieproject gereed was, kwam uit Burdaard de vraag of er een tentoonstelling over de geschiedenis van het dorp georganiseerd kon worden in het kader van “Simmer 2000”.
Die tentoonstelling werd zo’n succes dat hij met anderen besloot om het onderzoek uit te breiden tot het hele dorp.
Voor dat doel werd de “Stichting Ald Burdaard” opgericht.
Toen is ook de beslissing gevallen om het hele onderzoek ooit in boekvorm te laten verschijnen.
Er kwam assistentie bij het spitten in de archieven.
Veel hulp kwam er van de oud-huisarts uit het dorp Joop Bouma en van Jouke de Jong.
Maar er diende zich een ander probleem aan: hoe al die informatie goed in kaart te brengen en toegankelijk te maken.
Hier speelde het toeval een grote rol.
Bij een van zijn speurtochten in Tresoar hoorde hij dat ene Jan Diebrink een lezing had gehouden over Burdaard.
Na met hem contact te hebben opgenomen bleek dat Jan een software-pakket had ontwikkeld om genealogische gegevens op te slaan en ze zo toegankelijk te maken.
Het programma Haza-21 bleek een uitkomst. Gelukkig konden zijn reeds verzamelde gegevens vrij eenvoudig overgezet worden naar het programma Haza-21.
Nu was er dus een database die eenvoudig toegankelijk was en waar gegevens aan elkaar gekoppeld konden worden.
Het onderzoek naar de historie van het dorp is gebaseerd op de kadastrale gegevens.
Het is eigenlijk een systematische registratie van bewoners en eigenaren van huizen over en periode van 300 jaar.
Maar het is niet alleen maar een naslagwerk, er wordt ook ruimschoots aandacht besteed aan de ontwikkeling van het dorp.
Transport en verkeer zijn een belangrijk thema, mede door Auke’s passie voor bruggen.
Natuurlijk belicht hij ook de vroegere micro-economie van het dorp: de boeren, de kooplieden, de slagers, transport bedrijven, busdiensten, schippers enz.
Veel historisch beeldmateriaal komt van oude foto’s en het “Fotoboek fan Burdaard” uit 1989.
Maar vooral de verzameling oude ansichtkaarten van Wieger Jellema heeft veel beeldmateriaal opgeleverd.
Kortom het is niet alleen maar een droge opsomming van historische feiten; het gaat ook dieper in op bepaalde ontwikkelingen en dat levert dan mooie verhalen op die vaak door de oude foto’s, kaarten, schema’s enz. nog meer tot de verbeelding spreken.
Zelfs zijn er enkele historisch nieuwe feiten door de auteur ontdekt.
Hoeveel tijd heeft Auke Kingma in het project gestopt? Veel, gedurende ongeveer 15 jaar.
Houdt alles op na het verschijnen van het boek?
Nee, gekoppeld aan de nu verzamelde gegevens is er nog meer onderzoek mogelijk.
Een onderzoek naar de sociale ontwikkelingen in en om het dorp zou een item kunnen zijn. De invloed van de kerkelijke situatie op familiebanden is ook een aardig onderwerp. Ook het digitaliseren van oude ansichtkaarten en oude familiefoto’s en een eventuele koppeling van die foto’s aan het personenbestand zou zeker een mooie aanvulling zijn op het boek.
Drie eeuwen Burdaard wordt op de cover van het boek gevisualiseerd door een aquarel van Joop Bouma en is eigenlijk tegelijk een ode aan de schrijver omdat er drie generaties bruggen, de passie van Auke Kingma, zijn verbeeld.
|